
Achte lêzer, op dizze thússide wol ik jo útlizze hoe’t ik ta it oersetten fan toanielstikken kommen bin. Mar earst dit: Myn namme is Gurbe Dijkstra, ik bin berne yn Hitsum, gemeente Frjentsjerteradiel, op 21 juny 1946, as earste fan in twilling en as sechsde bern yn de húshâlding.
Doe 't ik sawat oardel jier âld wie ferhuzen wy nei it Tsjommer binnenpaad, Holpryp, dêr ha we fyftjin jier wenne en dêr ha ik dus ek myn jeugd trochbrocht. Hjir wie it ek dat ik mei toaniel yn oanrekking kaam. Ik waard op myn tolfde lid fan de Kristlike knapeferiening yn Tsjom. Alle jierren waard der in toanieljûn holden yn de tsjerke. Hjirfoar studearren wy ien of twa ienakters yn. Dit gebeurde by de lieder thús, of ek wol yn it lokaal wer 't wy ús gearkomsten holden, in gebou achter de tsjerke. We sieten dan gewoan by de tafel en liezen de tekst foar út it boekje en letter diene we dit út de holle. Ik wit noch wol dat ik yn dy tiid it hiele boekje út de kop koe, at der ien fan de oaren syn tekst net mear wist, dan koe ik it sa foar sizze. Sa ek op de jûn fan de útfiering. Oan mise en sêne diene we hast neat, dat koe ek net want der waard net op it toaniel oefene. Dat moast him allegear mar wat rêde, en dat die it ek wol. It earste stikje wêr 't ik yn meispile gong oer de ruilferkaveling, ik wit it noch skoan. "Potjesdam op stelten" hiet it. We moasten allegear piiproke en waarden ek prompt allegear mislik, de iene nei de oare fleach nei bûten om te spuien. En at we dan wer op toaniel wiene gong it gewoan wer fierder.
Yn 1963 ferhuzen wy nei St. Jabik en doe ha ik jierren neat oan toaniel dien. Oant ik ferkearing krige mei in famke dat toanielspile, en doe kaam it by my ek wer boppe driuwen. Dêrnei ha 'k it firus noait wer kwyt west.
Nei 't ik begjin santiger jierren nei Rie ferhuze en as lid fan Willem van Haren yn ferskate stikken op de planken stie, kaam der yn de jierren tachtich in feroaring. Us regisseur wie ferstoarn en ien fan de âldste leden fan de feriening waard oanwiisd as de nije regisseur. Omdat der yn dy tiid ek al wat oan oplieding fan regisseurs dien waard, is besletten om de nije regisseur in kursus folgje te litten op kosten fan de feriening. De regisseur hie allinne gjin rydbewiis en sa koe it komme dat ik meigong as sjauffeur. Ik koe sa moai tagelyk de lessen ek folgje en in bulte dingen opstekke dy 't ik letter by it spyljen wer brûke koe, teminsten dat wie myn doel.
Mar al rillegau waard ik frege troch minsken út Arum, dy 't ek op deselde kursus sieten, om yn Arum te kommen as regisseur. Earst woe 'k it net, mar nei noch in kear freegjen fan de kant fan Arum ha ik it doch oannommen. De kursus wie yntiid dien en it earstkommende winterskoft gong ik as regisseur nei Arum.
It earste stik wat ik regissearre wie: "Mei skeane eagen". Se wiene wakker tefreden yn Arum en sa kaam it dat ik dêr seis jier bleaun bin.
Yntusken hie ik my ek opjûn foar de trijejierrige regykursus yn Ljouwert. It folgjen fan de regykursus hat ien fan de moaiste skoften út myn toaniellibben west. In prachtige tiid ha ik dêr hân. Allegear fijne minsken om mei te wurkjen, in hearlike ploech. Under lieding fan Feiko Feytes, Jaap de Knegt, Hilde Mulder, Bouke Oldenhof, Tsjitske Stoer en ek noch oaren waard ús leard hoe’t wy in analyze fan in toanielstik meitsje moasten.
Nei in staazjeregy krigen wy yn 1986 it sertifikaat. Mar ik woe noch fierder. Yntusken wie it ramt fan dizze regykursus goedkeurd troch de minister en koene wy troch it folgjen fan in applikaasjekursus in troch de minister erkend sertifikaat helje. Ik ha earst noch in kursus dramaturgy dien en doe ha ik my opjûn foar de applikaasjekursus. In spannende tiid, want om dit sertifikaat te heljen moast der wol wat gebeure. Myn staazje, sis mar eksamen, ha ik dien by OKK Marsum mei it stik: “In Lang Wykein”, en doe koe ik it briefke dat ik sa graach ha woe, yn de bûse stekke.
Mar it wie noch net genôch seker, want in jier letter ha ik my opjûn foar de oersetkursus fan it FCAA. Allinne wie der ien probleem: De lessen wiene op woansdeitemoarn en dan moast ik nei 't wurk... Mar troch de goede wil fan myn wurkjouwer en it opnimmen fan heale frije dagen koe ik de kursus doch folgje.
Twa jier lang ha ik by Bouke Oldenhof en Sibe Krol op oersetkursus west.
Yn dy tiid ha ik der noch in kursus humor en kursus koarte stikjes skriuwe by dien, ek by Bouke Oldenhof. Ik wie op de oersetkursus al oan it oersetten slein. We moasten mei lytse stikjes begjinne en dy dan fergelykje mei oare kursisten dy’t deselde stikjes oersetten hiene. Sa kamen wy dan ta de bêste oersetting.
Doe kaam it safier dat we in hiele ienakter oersette mochten. Bouke hie in stik as wat útsocht dy’t wol gaadlik wiene neffens him. It earste stikje wat ik oersette wie: “Heden Christine” fan Thomas Verbogt. De STUFT woe it earst net ha omdat it neffens harren net goed oersetten wie, dat moast ik noch leare, wie it kommentaar. Letter ha se it wol útjûn.
Yntusken wie ik ek gewoan trochgongen mei regissearjen. It spyljen wie wat op de achtergrûn rekke, mar ek dat ha ik wer oppakt. Yn in ienakter fan David Campton, “Rêstplak”, dy’t ik sels oersetten hie, ha ik ek meispile, ûnder de regy fan Froucke de Vries. We ha der sels noch mei nei it Hearrenfean west, nei it Provinsjaal Ienakterfestival.
Sa, no witte jo wol hast hoe’t ik ta it oersetten kommen bin. Ik fyn it noch hieltyd nijsgjirrich om dwaande te wêzen mei in tekst fan in skriuwer en dy dan yn de Fryske taal libje te litten. At ik it dan letter op toaniel sjoch, dan jout my dat in goed gefoel.
Taal, ik bin der altyd mei dwaande...
