
Dizze jûnfoljende stikken ha ik oersetten yn de Fryske taal:
Fan Josiane Balasko:
1) Un Grand Cri d'Amour, as Fjochtsje Om Leafde, komeedzje, 3 manlju, 1 frou.
Koarte ynhâld: Gigi en Hugo wiene earder troud en beide grutte stjerren op it toaniel. Nei dat Hugo in slipperke makke hat binne se skieden en ha elkoar in hiel skoft net sjoen, lit stean mei elkoar praat. No wol in regisseur se beide brûke yn in nij stik, mar it falt net ta om se safier te krijen dat se wer tegearre op de planken ferskine. It slagget al om se oan it repetearjen te krijen, mar dat giet net fansels. De iene nei de oare rint út de repetysjeromte wei omdat er de oare net útstean kin. By eintsjebeslút slagget it al en dan blike Gigi en Hugo it mear iens te wêzen as de regisseur en de produsint. De foarstelling wurdt in foltreffer.
Fan Berthold Brecht:
2) Die Gewehre Der Frau Carrar, as De Gewearen Fan Frou Carrar, drama, 4 manlju, meardere froulju, figuraasje.
Koarte ynhâld: In polityk stik oer in Andalusyske fiskersfrou ûnder de Spaanske boargeroarloch. Frou Carrar hat twa soannen. Har man is stoarn yn it ferset. Se besiket har jonges mei alle macht út it ferset te hâlden ek al sizze oaren dat se harren gean litte moat. Op 'e jûn dat it stik spilet is der in belangrike striid oan 'e gong. Út it hûs wei binne de kanonnen te hearren. De âldste soan, Juan, is te fiskjen. De broer fan frou Carrar komt lâns om gewearen te heljen. Hy besiket harren út te lizzen dat se net feiliger binne as se harren net fersette tsjin de macht fan Franco, en dat se der neat mei winne. Frou Carrar hâldt fol dat ien dy't fjochtet, deade wurde sil. Dan wurdt Juan binnen brocht. Hy is deasketten, as boarger. Frou Carrar wurdt sa fûl, dat se de gewearen pakt, en mei har broer en jongste soan sil se dan te fjochtsjen.
Fan Aris Bremer:
3) Herrie Om De Haverklap, as Heisa Om De Haverklap, komeedzje, 4 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: Frou Haver, of leaver Beppe Haverklap, de noch krasse en eigensinnige bewenner fan ‘De Haverklap’, in lyts húske dat oan in pleintsje stiet, is ûntslein út klinyk ‘Bosrust’. Dêr hat se in heal jier ûnder twang sitten. Beppe is lykwols noait ‘gek’ west, mar har hûs stiet altyd iepen foar minsken mei problemen en dat steurt de buorlju. Dêr komt noch by dat deselde buorlju har grutte tún anneksearje wolle. Om dit te berikken stelle se alles yn ‘t wurk. Se gean dêr foar yn it geheim relaasjes oan mei de pleatslike gesachdragers. De ‘hystearyske’ Martha Muysch giet frjemd mei Bastiaan, de sjef fan de plysje. De ‘sûplap’ Roderick Bastogne hat in affêre mei de dominante boargemaster Anna de Gier. Yntusken gunne de buorlju mekoar it ljocht yn de eagen net. Mar hoe dan ek, Beppe moat wer nei ‘Bosrust’. Dan, yn de iere moarn, wurdt der sketten en folgje de foarfallen mekoar yn in heech tempo op. It iene is noch net west of it oare is der al wer. De plysjes Lola en Herman komme yn aksje, en Sjoerd, dy’t lêst hat fan it ‘Doornroosje – kompleks’, rekket ûnderdak yn ‘De Haverklap’. Pien van Donderen nimt wraak op har man, de sjef fan de plysje, dokter Popke van Boven, de dokter dy’t Beppe yn ‘Bosrust’ behannele hat, soarget der foar dat Beppe wer opnommen wurdt. Mar Beppe soe Beppe net wêze at se it net wer foarelkoar krige om ‘Bosrust’ wer te ferlitten. En no hat se noch mear fjoer yn har as earder. Dan blykt dat se folle mear freonen hat as at se tocht hie. Ut in net ferwachte hoeke krijt se steun om ‘De Haverklap’ te ferdigenjen. ‘Dy’t net sterk is moat slim wêze’ is har motto. Nei alle heisa om ‘De Haverklap’, keart úteinlik de rêst werom op it plein.
4) Mallejan Is Weerom, as Mâle Jan Is Werom, komeedzje, 3 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: Jan van der Molen komt, nei’t er jierren ergens oars wenne hat, werom yn it doarp dêr’t er opgroeid is. Elk neamde him doedestiids ‘Mâle Jan’. Sa hie en hat ek no hast elke ynwenner fan it doarp in bynamme.
Jan wol in boek skriuwe oer syn heit. Dizze dryste skoalmaster, dy’t as bynamme ‘Dolle
Dries’ hie, waard nei in skeel mei de korrupte wethâlder Van Beerenschot (De Bear),
ûnskuldich yn de sel set en is dêr ek ferstoarn. Mâle Jan krijt ûnderdak yn it ferboude
hinnehok fan Jaap de Brave (Jaap Wichel) en syn frou Els (Goudelske). Yn datselde
hinnehok hat Jan syn heit ek taholden yn de wiken foar it proses. Jan wol yn dat
hinnehok de iensumens fan syn heit ynfiele en de wierheid achterhelje. Al gau wurdt
dúdlik dat der net folle feroare is. De post wurdt, foar dat it besoarge wurdt, earst
altyd lêzen en trochferteld troch postrinder Sijke Potter. (Sijke Slik) Minsken yn
it doarp fleane elkoar om neat nei de strôt en binne yn kampen ferdield. Mar se binne
ek goed yn it tadekken fan eardere aaklike saken sa as dy mei ‘Dolle Dries’. Boppe-
Fan Noël Coward:
5) Private Lives, as Leafde As Mûnster, komeedzje, 2 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: Elyot hat earder mei Amanda troud west, mar dat houlik is op 'e non rûn, altyd rûzje, sels slaan en ek alkoholisme wiene de oarsaken fan de skieding. No is hy op houliksreis mei syn twadde frou Sibyl. Se binne yn Frankryk bedarre, yn in moai hotel. At er jûns bûten op it terras sit sjocht er dat Amanda op it terras neist dat fan him sit. Ek sy is foar de twadde kear troud, no mei Victor, en ek op houliksreis, tafallich yn itselde hotel. Se komme der achter dat se eins noch wol gek op elkoar binne en beslute tegearre út te naaien. Der blykt noch wol hiel wat âld sear tusken Elyot en Amanda te sitten dat noch net ferwurke is. Victor en Sibyl, dy't harren achternei reizge binne, fine harren fjochtsjend yn de fakânsjeflat fan Amanda yn Parys. Dêr giet it rûzje meitsjen gewoan fierder en ek Victor en Sibyl dogge grif mei. Oan it ein fan it stik naaie Elyot en Amanda wer tegearre út.
Fan Loek Elich:
6) De Witte Stranden Van Lanzarote, as By De Hinnen Op Stok, klucht, 2 manlju, 4 froulju.
Koarte ynhâld: Henk en Hetty ha elkoar troffen op in beurs yn Dútslân. Jûns yn it hotel sieten se faak by elkoar en it rûn út op in hertstochtlike românse. Hetty is frij, mar Henk is troud. En dêrom sizze se elkoar ta dat se mekoar nei de beurs net wer sjen sille. At harren dochters tegearre in simmerhúske hiere, sille de heit en de memmen ek in dei op besite komme. En dêr treffe Henk en Hetty mekoar wer. Henk wol daliks de românse wer nij libben ynblaze, mar se wurde steurd en sa bedarret Henk troch it rút nei bûten en siket er syn heil foar in skoftke yn it hinnehok. Hy komt ûnder de hinnestront midden yn ‘e nacht wer thús.
7) Grapefruit juice Met Een Tic, as Jus D' Orange Mei In Tik, skriller, 3 of 4 manlju, 5 of 4 froulju.
Koarte ynhâld: As Ellen Woudenberg fernimt dat har ienige famyljelid, in âldmuoike
dy’t in bulte jild hat en op hege leeftiid is, oan in tredde jeugd begûn is, beslút
se om as de wjerljocht poalshichte te nimmen. Dêr oankommen komt se der achter dat
tante harsels al in healjier lang fersoargje lit troch in ynwenjende ferpleger. Se
wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmannich rike dames om it libben brocht binne
troch twa ferplegers. Dat gebeurde mei medisinen, nei dat de manlju de slachoffers
earst fan harren kaptaal berôve hiene... It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter
as se sjocht hoe wiis as tante mei har ferpleger is en ek fanwege de heimsinnige
telefoantsjes fan dizze man om presys twa oere nachts. As notaris komt om it al besteande
testamint te wizigjen, feroaret alles yn razend tempo. Dokter moat halje-
8) Moord In Het Sterfhuis, as Moard….Of Tafal?, skriller, 2 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: Mem hat jierrenlang siik west en leit no op stjerren. De húshâldster en de jongste dochter Maria fersoargje har. Maria lit beide susters Anne en Vera, wêr't se yn lang gjin omgong mei hân hat, thúskomme. De soan fan de húshâldster Tom hat in ferhâlding hân mei Vera, mar leit it no oan mei Anne. Op in stuit komt Anne te ferstjerren. Wa is de skuldige? Ynspekteur De Vos siket dat út.
9) Noem Me Geen Mams, as Neam My Gjin Mem, blijspul, 3 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: Twa jier nei de berte fan har dochter Gerrie is de man fan Alice Winter mei in oare frou útnaaid en moast se har sels rêde. It is net sa dat se de manlju no hatet, mar folle ferlet fan in nije relaasje hie se ek net, dat is begryplik. Se is skriuwster wurden en kin sa goed yn har eigen ûnderhâld foarsjen. At har dochter Gerrie, dy’t yn Amsterdam studearret, seit dat se it wykein thúskomt mei in freon, giet Alice der fan út dat se har eigen freon bedoelt. Mar Gerrie is fan doel om dizze freon oan har mem te keppeljen. Dat se dêrby hiel foarsichtich te wurk gean moat is wol dúdlik.
Fan Bernd Gombold:
10) Baby Wider Willen, as Gjin Bern Ha Wolle, Mar Wol Krije, klucht, 4 manlju, 4 froulju.
Koarte ynhâld: De frou fan de boargemaster yn in lyts provinsjedoarpke, komt, nei 't se in pear wike yn in kueroarde west hat, wer thús. Op it stasjon nimt se de ferkearde tas mei, thús oankommen blykt der in bern yn te sitten. Amper hat se de situaasje oan har man útlein, of de plysje stiet al foar de doar om te sizzen dat der in bern stellen is. At de boargemaster útlizze wol dat it in fersin is, wol dat de plysje net oan. "Samar in bern meinimme, dat bestiet net. Dêr moat in misdiedich brein achter sitte". Bang foar syn baantsje, doart de boargemaster fierder neat te sizzen, mar no sitte hy en syn frou wol mei in bern opskipe, dêr't troch elkenien om socht wurdt. In bern trouwens dat op de meast ûngeskikte mominten in kiel opset en blyk jout fan syn bestean. En besykje dat mar es geheim te hâlden, of better sein, út te lizzen oan de minsken dy't mei regelmaat by je oer de flier komme.
Fan Lieke M. De Groot
11) In Waterdicht Idee, as In Wetterticht Idee, 4 manlju, 5 froulju
Koarte ynhâld: Om gau ryk te wurden hawwe Tessie en Roel in soarte fan sûnensintrum
opset. It wetter dat se de minsken drinke litte moat hiel sûn wêze, it komt út de
Snöde-
Fan Haye van der Heyden:
12) De Flat Van Jet, as De Flet Fan Jet, 3 manlju, 3 froulju
Koarte ynhâld: Jet hat in flet yn ‘e stêd dêr’t se har frijer Karel ûntfangt. Mar se wol fan him ôf. En dan hoecht se de flet eins ek net oan te hâlden. Karel, dy’t ek troud is – dat wit Jet net, want se is nochal jaloersk – lient de flet wol es út oan syn soan Andre, dy’t dêr wol es mei in freondintsje komt. Mar dan nimt ien fan dy freondintsjes, Natas, dy’t wenromte siket, Veertje, de dochter fan Jet, mei, want dy siket ek wenromte. En dan giet it fout. Jet mei net witte dat... en Karel mei net witte dat... en Veertje mei hielendal net witte dat... En dan komt Jules, de man fan Jet, ek noch es del, en dy mei alhielendal neat witte!
13) Jaloezieën, as Jaloezyen, komeedzje, 2 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: Rosa, in aktrise, en Charel, in skriuwer, beide om en by de 40, binne troud. It houlik is gjin sukses. Rosa is allegeduerigen mei har rollen dwaande en benammen mei wat de resinsinten der fan sizze. Charel fielt him as skriuwer mislearre en dúdlik de mindere fan Rosa. Hy siket syn treast yn de drank. Ellen, de mem fan Rosa, komt ûnferwachts opdaagjen en seit dat se by harren ynwenje wol. Se is it allinne wêzen nei it ferstjerren fan har man sêd en it is op 't lêst har eigen hûs, dêr't Rosa en Charel yn wenje. It liket Rosa wol op fleanen, se wol mem út noch yn net by har yn ha. It kin Charel it measte net skele, mar Rosa batst der fuortdaliks yn, konflikten by 't soad dus. Troch in tal monologen wurdt it de skôger dúdlik dat Alfred, de resinsint dy't fan Rosa har spul gjin spaan hiel litten hat, wat langer wat mear in relaasje kriget mei de trije oaren. De relaasjes rinne bytiden sa healwiis trochinoar, dat de stikken der letterlik en figuerlik ôf spatte. En wêr't it by eintsjebeslút op útdraait... wa sil it sizze.
14) Loslopende Vrouwen, as Losrinnende Froulju, blijspul, 1 man, 3 froulju.
Koarte ynhâld: Trije froulju, beppe, mem en dochter en ien man. It spilet him ôf op in plat dak, je kinne der moai yn ‘e sinne lizze. Mar de man, dy’t muzyk makket, hat troch syn kajút, útsjoch op dat platte dak. Hy hat in sliepsykte en is no en dan in skoftke ûnder seil. At dat wer in kear sa is komme de froulju der achter dat er net sliept, mar dea is. Dan blykt dat se alle trije it bêd mei him dield ha.
Fan Herman Heijermans:
15) Ora et Labora, as Ora et Labora, drama, 6 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: Watse en Maaike binne boer en boerinne, mar sa earm as Job. Se ha twa bern, Eelke en Froukje. De mem fan Watse, Sjoukje, 81 jier âld, wennet ek by harren yn. It is in strange winter, it friest dat it ongelt en it skip fan Hiddes, in binnenskipper, syn frou Jeltsje en harren dochter Sytske, rint fêst yn de skossen fan de feart njonken de buorkerij fan Watse en Maaike. Hiddes hat it measte fan syn guod nei de lommert bringe moatten om oan sinten te kommen. Ek syn fracht, turf, hat er foar in appel en in aai ferkeapje moatten, om’t er finansjeel oan ‘e grûn siet. Watse hat earder út earmoede al twa kear in lapke grûn ferkeapje moatten oan Tsjerk, in deune, ynklauwerige boer út de buert. Allinne it lapke dêr’t de hutte, wêr’t se yn wenje, op stiet, ha se no noch. Mar it hynder is dea en de lêste ko hat stâlpoaten en leit op stjerren, at dy ek noch deagiet ha se gjin ynkomsten mear. At dan ek soan Eelke, mei syn maat Douwe thúskomt, omdat se gjin wurk mear ha, is de boat oan. Eelke en Douwe wolle nei Dútslân rinne om dêr wurk te sykjen. Mar dêr is Sytske, dy’t sûnt de lêste merke mei Eelke skarrelt, poer op tsjin. Dan stjert de ko. Watse is poerlilk en Maaike ek, want Watse hat ‘m net op tiid nei de needslachting brocht, fynt se. Se jouwe elkoar de skuld. En ek Froukje krijt de skuld, de dochter, dy’t in miskream hân hat en net iens sizze woe fan wa’t it bern wie Dêr komt noch by dat Watse in proses oan de broek krigen hat om ‘t er de peallen, dy’t Tsjerk om it lân sette dat er fan Watse kocht hie, út de grûn skuord hat, omdat er miende dat Tsjerk de peallen te fier setten hie, op grûn dy’t noch fan Watse wie. No moat er ek noch es goed fyftich gûne oan it gerjocht betelje. At Watse de deade ko ferkocht hat, belânet er yn de kroech en komt dêrnei dronken thús, mei noch minder jild fansels. No is de boat helendal oan. Maaike is razend, breinroer sis mar. Dan sjocht Eelke in advertinsje yn de krante. Hy kin twahûndert gûne hanjild krije at er ‘m oanmeldt foar de East en sels trijehûndert gûne foar de West. Hy kin dêrmei de hiele saak rêde. At er fyftich gûne oan skipper Hiddes jout, kin dy syn guod werom helje út de lommert, en heit en mem bin rêden mei de hûndertfyftich dy’t er oer bliuwt. Hy moat dan wol foar seis jier tekenje. Hy beslút om it te dwaan en seit dat tsjin Sytske, syn frijster. Mar dy wol der neat fan witte en giet lilk fuort. Eelke set doch troch en komt in pear dagen letter thús mei twahûndert gûne. Hy wol Hiddes fyftich jaan, mar dêr bin Watse en Maaike poer op tsjin. Se krije der rûzje om en Eelke hie wol wollen dat er net tekene hie. Hiddes jout oan dat er it jild eins net ha wol, yn elk gefal minder as de fyftich gûne. Mar Sytske keart dat ek. Sytske wol ek net mear mei Eelke frije, no’t er seis jier fuort moat. En sa bliuwt Eelke mei lege hannen achter, heit en mem strike it jild op, syn ferkearing is út en hy moat seis jier tsjinje yn de East.
Fan Wim de Knegt:
16) Fedja, as Fedja, (iepenloftspul) 7 manlju,4 froulju.
Fan Pavel Kohout:
17) Krieg Im Dritten Stock, as Oarloch Op Trije Heech, komeedzje, 10 manlju, 1 frou, kin dûbele wurde.
Koarte ynhâld: Dr. Emil Blaha en syn frou Mischa lizze lekker te sliepen at der ynienen
op de sliepkeamersdoar kloppe wurdt, it is de post mei in befel foar opkomst: Hy
moat him melde! It blykt dat der ien ûnderweis is (in sekere Müller) om syn hûs te
besetten, him om te bringen en syn frou tenei te kommen, mei oare wurden: fan Dr.
Emil Blaha wurdt ferwachte dat er him ferdigenet. Der wurdt him in gewear útrikt,
de noadige hângranaten ensafuorthinne. Mar Blaha wol net fjochtsje, hy wol sliepe,
it is op 't lêst midden yn de nacht. Hy ferliest dan ek de slach fan Müller, dizze
beset syn hûs wol mar is op it ein net mear by steat om syn frou tenei te kommen.
Kommentaar: Dit stik is troch it BFT al ris brûkt foar it presintaasje -
Fan Fred Muylaert:
18) De Babyvergunning, as De Babyfergunning, klucht, 3 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: In jong troud pearke is net fan doel om tegearre te bliuwen. Dêr binne se net sels baas oer, want de wet dy't de befolkingsgroei beheine moat, seit, dat se dêr in fergunning foar ha moatte. Moai wurdt út de doeken dien hoe dreech as saken geane as men yn 'e hannen fan amtners bedarret. Der giet hast in jier oerhinne foar dat de oanfraach goedkard is. De jongelju binne dan sa sêd fan alles, dat se mar fan bern ôfsjogge. Se fertsjinje beide en keapje earst in auto en nije meubels. Yn dit stik wurdt in tige aktueel tema oansnien: de oerbefolking.
19) Oom Edward Is Gevaarlijk, as Omke Edward Is Gefaarlik, klucht, 4 manlju, 4 froulju.
Koarte ynhâld: Edward Broekaart is fabrikant fan ûnderguod en docht alle war om in miljoen slipkes oan it leger te sliten. Der is haast by de transaksje, mar de húsfeint, net op 'e hichte mei Edward syn saken, sâltet de boekhâlder ôf, omdat er fan betinken is dat syn baas yn alle rêst syn moarnsbrochje ite moatte kin. Edward, dochs al min te sprekken omdat syn frou mei in fikse kater op bêd leit, wurdt no alhiel gysten. As er dan ek noch in brief mei in pikante ynhâld yn har taske fynt, is er breinroer. Mar hy moat fuort. Dan docht bliken dat Anne Marie de jûns tefoaren oan 'e jui west hat mei in hege ome fan it leger. Dat is, hoe kin 't ek oars, de kolonel dy't oer de slipkes giet. It wurdt in spektakel fan komsa, mar oan 'e ein fan't stik komt elk aardich oan syn of har trekken. Tige geskikt foar in fleurige jûn.
Fan Hans Pijpers:
20) Jansen & Janzen, Twee Is Teveel, as Twa Is Tefolle, klucht, 3 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: Jansen & Janzen meie der graach oer dat harren saakjes op oarder binne. Harren âlde hûs is kreas ynrjochte, se binne tige kreas yn de klean en in ôfspraak sille se noait misse. De beide mannen binne kollega’s en hertsfreonen. Se wenje yn itselde appartemint, twa wenningen ûnder ien dak, de tuskenmuorren binne der út, mar de foardoarren binne der beide noch wol. Se meie graach byelkoar wêze, mar dat giet de bûtenwacht neat oan. Se hâlde fan rêst en regelmaat. Ferrassingen, dêr hâlde se net fan. Op de dei dat in libbensgefaarlike ynbrekker út de finzenis ûntsnapt, driget harren kalme libbentsje lykwols yn ‘t hûndert te rinnen. De beide manlju krije harren famkes oer de flier, mar ek de memmen fan Jansen & Janzen komme del. De beide manlju binne bang dat de memmen lilk wêze sille, want se ha fan famke ruile. En dat fine de memmen grif net goed. De memmen ha it hûs finansiere ûnder betingst dat se mei harren oansteanden trouwe sille. De memmen hâlde noch minder fan ferrassingen as harren soannen. De manlju moatte der dus foar soargje dat de memmen neat yn ‘e gaten hawwe.
Koartsein: Jansen & Janzen moatte harren ta it uterste ynspanne om harren libben yn de stringen te hâlden. En dat ûnder it tasjend each fan de nije butler, dy’t in ferrekt soad liket op de ûntsnapte ynbrekker.
Fan Eric Schneider:
21) Tweelicht, as Twaljocht, toanielspul, 2 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: Bert, Dora, Ben en Suzan wiene yn de tiid dat se op de H.B.S. sieten
net byelkoar wei te slaan, mar binne elkoar nei it eineksamen dochs kwytrekke. Bert
is mei Dora troud en Ben mei Suzan. Op in reuny ha se elkoar wer troffen en ôfpraat
dat se mei syn fjouweren op fakânsje sille. It stik begjint at se yn de fakânsjeflat
oankomme. Dêr spilet him hiel wat ôf, net allinne komme de moaie dingen út de H.B.S.-
Fan Wilma Renes -
22) Een Gekkenhuis In 't Ziekenhuis, as In Gekkehûs Yn 't Sikehûs, klucht, 3 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak -
in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf, mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alle trije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde...?
Fan Danny Simon:
23) The Convertible Girl, as De Bekearlinge, komeedzje, 6 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: Christina (Chris) Fernandez hat in ferhâlding mei Ron, in Joadske,
âldere man. Se wol graach mei him trouwe, mar hy fersint alderlei ferlechjes, sadat
er net trouwe hoecht. Hoewol ‘t er oprjocht fan har hâldt, doart er it nei twa mislearre
houliken net oan. At er as reden oanfiert dat syn mem djip religieus is, en dus in
houlik net akseptearje sil omdat Chris net Joadske is, beslút se om har te bekearen.
Se giet op les en rint alle prosedueres troch dy ‘t by in bekearing hearre. Yn ‘t
earst docht se it allinne omdat se dan trouwe kin, mar al gau krijt it Joadske geloof
har yn ‘e greep. Op de dei fan har eksamen blykt dat Ron ek nei har bekearing net
fan doel is om mei har te trouwen, en at dan ek noch es Ron syn mem opdraven komt,
dy ‘t folslein it tsjinoerstelde is fan in âlde, djip -
Fan Neil Simon:
24) Brighton Beach Memoires, as De Memoires Fan Eugene, komeedzje, 1 man, 2 jonges, 2 froulju, 2 famkes.
Koarte ynhâld: Eugene is fyftjin en giet noch nei skoalle. In pear jier ferlyn is syn omke, de man fan de suster fan syn mem, ferstoarn, en doe binne syn muoike Blanche en de beide dochters, Laurie en Nora by harren yn 'e hûs kommen. Dit jout nochal wat spanningen omdat syn heit no dus foar twa gesinnen ynkommen fertsjinje moat. Syn broer Stanley wurket al en eins sjocht hy heech by syn âldere broer op. Dêrby hâldt Eugene ek noch syn memoires by, hy wol letter skriuwer wurde. Hy praat mei syn broer oer fan alles en noch wat, seks, hoe't famkes der neaken út sjogge en noch mear. Omdat Stanley op in kear syn wyklean fergokt en it eins net tsjin syn heit doart te sizzen, rint Stanley fan hûs. Dan rinne de spanningen heech op. Heit krijt lêst fan it hert, muoike Blanche wol mei de beide dochters fuort en op harsels wenje, wat eins net kin omdat se gjin ynkommen hat. Se sil in baan sykje en wol dan de bern oerkomme litte. Stanley komt dochs wer thús en seit tsjin syn heit wat der gebeurd is. De frede wurdt tekene en sa kin de húshâlding fierder, no dus sûnder muoike Blanche en de bern.
25) Californië Suite, as Suite Kalifornia, komeedzje, 5 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: Dit stik bestiet út fjouwer taferielen mei ferskillende minsken, dy't harren ôfspylje op de keamers 203 en 204 fan it Beverly Hills Hotel.
As earsten binne dêr Hannah en William Warren. Se binne njoggen jier lyn by elkoar weigongen. Hannah is yn New York wenjen bleaun en is no allinne op besite by William om te praten oer de takomst fan harren dochter Jenny. Wat earst in wrang toulûken om in bern liket te wurden, krijt in ferrassende draai at de skerpe, sarkastyske Hannah ta grutte ferwûndering fan William in hiel oare kant fan harsels sjen lit.
Marvin Michaels skrikt ‘m de pleuris at er moarns wekker wurdt mei in dronken hoerke by him yn ‘t bêd. Hy hat ‘m fersliept en syn frou kin elk momint oankomme. Hoewol’t er in bysûnder lokkich houlik hat, koe hy foar ien kear de ferlieding net wjerstean, en no sit er dus mei de brokken. Hy besiket it fanke de keamer út te krijen, mar se is sa stomdronken fan de nacht dêrfoar, dat it him net iens slagget om har út it bêd te krijen. Marvin wringt ‘m yn alderlei bochten om foar te kommen dat syn frou der achter komt, mar fertelt har út einlings doch fan syn misstap.
Diana Nichols is in aktrise út Londen. Se is hjir tegearre mei har man Sidney om de útrikking fan de Oscars by te wenjen. Se hopet te winnen, mar dat hat de noadige tsjinslaggen. Sa hat se in piperdjoere jurk oan, wêr’t se har net lekker yn fielt, en ek hat se gjin man dy’t op stjerren leit, wat de sjuery posityf beynfloedzje kinne soe. Se krijt gjin Oscar, en at se midden yn de nacht beide stomdronken en segrinich thúskomme, fiert Diana har lilkens en teloarstelling bot op har man. It liket der op dat harren houlik der oan giet. Frustraasjes dy’t jierrenlang ferswijd binne wurde no einlings útsprutsen.
Twa stellen dy’t trije wike mei elkoar op fakânsje west binne befolkje as lêsten de suites 203 en 204. At Beth by it tennisjen in blessuere oan de foet oprint, wyt Mort dit oan it gedrach fan harren freonen. De freonen biede harren help oan, mar dit wurdt net bjuster op priis steld. Alle ergernissen fan de fakânsje komme derút, en op ‘t lêst rint de rûzje sa heech op, dat er slein, skopt en sels biten wurdt. Oan ‘e ein fan it stik lizze se alle fjouwer ferwûne en útteld op dokter te wachtsjen.
26) Fools, as De Ferflokten, komyske fabel, 5 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: Leon hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyllyske Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankomt, sjocht er guon minsken dy't de smoargens fan bûten nei binnen feie en oaren dy't miene dat der mear remme yn de molke sit as de ko op de kop molken wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei , sa't it liket, ivichduorjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa dom wurdt as sy sels. Werom giet Leon net fuort? Hy is fereale op 'e byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit hoe't se sitten gean moat. Fansels slagget it Leon om de flok te ferbrekken en syn breid te winnen. In bûging foar in mearkeëftige klucht mei wat lompe grappen en mei in rustike moraliteit.
27) God’s Favorite, as De Favoryt, komeedzje, 5 manlju, 3 froulju.
Koarte ynhâld: De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle sakeman mei in frou, in “ferlerne soan” en in net al te snoade twilling. Op in jûn krijt de famylje besite fan in “boadskipper fan God” ...as sadanich te herkennen oan in grutte “G” op syn sweater. Us moderne Job wegeret God te fersaken, en dus wurdt er fan ôf dat momint achterfolge troch rampspoed. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid wegeret hy om syn God te fersaken. At er alles kwyt is, krijt er fia de boadskipper (dy ‘t syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.
28) Hotel Suite, as Suite Hotel, komeedzje, 5 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: Dit stik bestiet út fjouwer taferielen mei ferskillende minsken, mar se spylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn Londen. It earste taferiel giet oer Diana en Sidney. Se sille nei de priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise en Diana hat in nominaasje... Mar se wint gjin priis en is at se thús komme wakker lilk. It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de trouwerij fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge omdat er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in jong frommeske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der earder as dat it frommeske fuort is en dat jout in soad swierrichheden. It tredde giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en mear de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet. It lêste taferiel giet oer Norma en Roy, harren dochter Mimsey sil mei Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en is foarearst net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om de beurt om har te bepraten, mar it slagget net. Dan roppe se Borden derby, dy ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen, en dan komt Mimsey der samar út.
29) I Ought To Be In Pictures, as Ik Wol By De film, komeedzje, 1 man, 2 froulju.
Koarte ynhâld: Libby har heit Herbert Tucker is fuortrûn doe’t se sawat twa jier âld wie. No is se achttjin en siket him op. Hy skrikt dat se samar ynienen by him foar de doar stiet en wit net wat er mei har oan moat. Moat er syn ûntskuldigingen oanbiede? Moat er sizze dat er fan har hâldt? It is dúdlik dat it ‘heit’ wêzen foar Herbert Tucker net sa maklik is. Mar at Libby op in jûn wat lang weibliuwt sit er yn noed en dat is hy helendal net wend fan himsels. Syn freondinne Steffy seit dat it dus sa fielt, it ‘heit’ wêzen. Mar dan komt de grutste teloarstelling foar Herbert. Krekt at se wat oan elkoar wend binne seit Libby dat se wer nei hûs giet. Dêr is Herbert helendal net bliid mei.
30) Laughter On The 23rd Floor, as De Show Fan Max Prins, komeedzje, 7 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: It is 1953. It team skriuwers fan de Max Prinsshow, in hiele populêre televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat. Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa ‘t de show syn libben is, rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om manieren te betinken om NBC werom te pakken.
31) London Suite, as Suite London, komeedzje, 6 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: Alle 4 taferielen, mei ferskillende minsken, spylje har op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn Londen. It earste taferiel giet oer Brian en Billy. Billy hat jierren it jild fan Brian, dy't in suksesfol skriuwer is, ûnder syn behear hân, omdat Brian him der net foar ynteressearre. No't de bankrekken fan Brian yn ien kear leech is, ropt hy Billy op it matsje. It twadde taferiel giet oer in mem en in dochter dy't tegearre winkele ha yn Londen. Mem is al jierren widdo en eins wol de dochter har wol keppelje oan in freon dy't ek yn it hotel útfanhûzet. Mem giet wol mei him út mar bycht letter oan de dochter op dat se al in freon hat. It tredde taferiel giet oer Diana en Sidney, dy't earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en de lêste jierren mear de homoseksuele kant it neist. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet. It lêste taferiel giet oer Mark en Annie. Sy ha kaartsjes foar Wimbledon en it liket allegear tige te slagjen. Oant se op de keamer komme en blykt dat de kaartsjes wei binne. De iene jout de oare de skuld. Annie rint lilk fuort en it sjit Mark yn de rêch. Hy kjirmet it út en Annie is der net om him te helpen. Der komt in dokter by, mar dy sjit it ek yn 'e rêch. By eintsjebeslút fynt ien de kaartsjes, mar se ha der neat mear oan omdat Mark op bêd bliuwe moat fanwege de rêch.
32) Lost In Yonkers, as Ferdwaald Yn New York, komeedzje, 3 manlju, 3 froulju, 2 jonges 13/16
Koarte ynhâld: New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan fiifentritich, dy’t yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in komfortabel appartemint. At it stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De jonges komme dêrom foar langere tiid by Beppe en harren muoike Bella útfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde. Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd, en omke Louie blykt in gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin wêryn ‘t harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.
33) Proposals, as Oan 'e Ein Fan 'e Simmer, komeedzje, 5 manlju, 4 froulju.
Koarte ynhâld: Burt Hines, dy’t in hertkwaal hat, bringt mei syn dochter Josie en
syn húshâldster Clemma foar de lêste kear de simmer troch yn syn twadde húske yn
Pennsylvania. Hy hat al ferskate hertoanfallen achter de rêch en gjinien hat dan
ek de yllúzje dat er noch lang libje sil. Josie nimt dit har mem kwea ôf, omdat sy
tinkt dat de hertoanfallen feroarsake wurde troch in brutsen hert. At har mem op
fersyk fan Burt it wykein útfanhûs komt, ferwyt Josie har in kâld spultsje mei har
eks -
34) Rose's Dilemma, as It Dilemma Fan Rose, 2 manlju, 2 froulju.
Koarte ynhâld: Yn har lúkse filla oan it strân fan East Hampton stiet skriuwster Rose Steiner op in kearpunt yn har leven. Se hat al jierren neat mear skreaun en har jild rekket op. Har eardere frijer, de literêre reus Walsh McLaren, biedt har – fan út syn grêf – de kâns miljoenen te fertsjinjen. In boek moat ôfmakke wurde, dan is se ryk. Dat sil net maklik wêze en se moatte der in spokeskriuwer foar brûke. Dy is net maklik te finen. Rose mei de kandidaat, Gavin Clancy, dêr’t Walsh mei oankomt, net snuven hearre. Mar it boek sels ôfmeitsje kin se ek net. Hoe moat it dan? Dit is in oandwaanlik, grappich, romantysk en ûnfoarstelber toanielstik, skreaun troch Amearika’s favorite skriuwer fan blijspullen en winner fan de Pulitzerpriis.
35) Rumours, as Praatsjes, klucht, 5 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: Fjouwer stellen bin útnoege op it tsien jierrich houliksfeest fan
harren freonen, de loko-
36) The Gingerbread Lady, as In Doaze Fol Krommen, toanielspul, 3 manlju, 3 froulju.
Koarte ynhâld: Nei 3 moanne fan ôfwennen yn in tehûs foar alkoholisten komt Evy wer
thús yn har eigen flat. Har freondinne Toby hat har ophelle. Thús oankommen is dêr
Jimmy om har wolkom te hiten, mei blommen en iten yn 'e hûs. Beide binne tige besoarge.
Evy is senuweftich "Ik hie sa de pest oan dy ynrjochting, dat ik lúsjefers opgarre
om de boel yn 'e brân te stekken, mar doe't ik fuort koe, doarst ik net, ik fielde
my dêr ynienen sa lekker thús". Evy rekket min of mear yn panyk as se sûnt moannen
wer allinne is. Toby moat nei in sakediner mei har man Martin. Jimmy nei in audysje,
hy is akteur. Dan stiet ynienen har dochter Polly foar de doar, mei in koffer, se
wol wer by har mem wenje en dêr studearje. Dizze Polly bliuwt har mem stypjen, ek
al sakket se werom yn har âlde kwaal. Evy tsjin Polly: "At ik grut bin, wol ik krekt
sa wêze as do". In realistysk stik oer relaasjes, dêr't de iensumens fan de 43-
37) The Good Dokter, as In Goede Dokter, komeedzje, 5 manlju, 5 froulju.
Koarte ynhâld: It stik bestiet út twa bedriuwen mei elk 6 sênes. In skriuwer fertelt oer syn ideeën welke at er faaks noch wol ris op papier sette wol. Hij spilet sels yn ferskate sênes mei en jout kommentaar. It dekor is net sa dreech, it kin gewoan yn gerdinen spile wurde. Allinne wat lytse dingen om de lokaasje oan te jaan binne noadich. Der binne 9 manlju 's en 11 froulju 's rollen, mar mei dûbeljen kin it spile wurde troch 5 manlju en 5 froulju. Om der achter te kommen wêr't de sênes oer hannelje kin men it mar it bêste gewoan lêze. It is wol wer ris hiel wat oars, foar in ploech dy't ek echt ris wat oars wol!
38) The Last Of The Red Hot Lovers, as Lestige Leafde Op In Lette Middei, komeedzje, 1 man, 3 froulju.
Koarte ynhâld: Barney Cashman is sânenfjirtich jier en hat him de lêste trijentweintich jier gedroegen as in treflike heit en echtgenoat. Hy wol lykwols ek wol es de fruchten plukke fan de seksuele revolúsje, en noadicht achter elkoar in oan roken, drinken en seks ferslaafde frou, in flipte, wurkleaze nachtklupsjongeres en de depressive frou fan syn bêste freon út yn it appartemint fan syn mem. It slagget him net om mei ien fan dizze trije froulju yn bêd te bedarjen. Alle ôfspraken rinne dea yn einleas gepraat, en tsjin de tiid dat er genôch ûnderfining opdien hat om in frou te fersieren, bliuwt er noch mar ien frou oer dy’t er útnoegje kin: Thelma, syn eigen frou.
39) The Odd Couple, as In Frjemd Stel, (froulju ‘s fersy) komeedzje, 2 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr ‘t in groep freondinnen elke freedtejûn byelkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinnich rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noadicht Olive har út om salang by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, bin nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net, en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige, stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy ‘t yn it selde gebou wenje. Olive hat har sinnen op de beiden manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Ut einlings is by Olive de maat fol en se set Florence derút. Hoe kin it ek oars as dat Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as... de beide Spaanske broers. Dit is de froulju ‘s fersy fan de ferneamde, en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon, grôtfol izersterke dialogen.
De manlju's ferzje fan The Odd Couple is oersetten troch Tryntsje van der Zee as: In Nuver Stel, komeedzje, 6 manlju, 2 froulju.
40) The Prisoner Of Second Avenue, as Finzen Op Fjirtjin Heech, komeedzje,2 manlju, 4 froulju.
Koarte ynhâld: Mel sjocht it net mear sitten. Hy is syn baan kwyt en fjochtet as in dwylsinnige tsjin de dingen dy’t der om him hinne gebeure. De luchtfersmoarging hat alle planten op syn balkon fermoarde; de muorren fan syn appartemint bin sa tin dat it leafdesleven fan de beide Dútse stewardessen neist him in iepen boek is, en syn appartemint wurdt leechstellen at syn frou even nei de winkel is. Syn psychiater giet dea wylst er foar de man syn konsulten al 23000 dollar delteld hat. Wat dogge je yn sa’n gefal. Je krije in senuwynsinking. En dat oerkomt Mel dus ek. Mar tegearre mei syn frou Edna sil Mel fjochtsjen bliuwe tsjin de delgong fan de maatskiplike wearden.
41) The Star-
Koarte ynhâld: Andy en Norman jouwe tegearre it tiidskrift “Fallout Magazine” út. Norman skriuwt de teksten, Andy is de útjouwer en soarget foar de abonneminten. Allinne rint it net sa bêst. Se ha grutte jildsoargen en ek ha se al yn gjin tiden de hier betelle. Dêrom moat Andy ‘ferplicht’ hast alle jûnen mei de húsbaas út, frou Mackininee. Dan komt der in moaie jonge blom (Sophie) yn it appartemint neist harren te wenjen, wêrtroch ‘t alles feroaret. Mei Norman is gjin lân mear te besilen sûnt se dêr wennet. Hy skriuwt net mear en rjochtet syn hiele libben op har yn, alhiel tsjin de sin fan Andy fansels. Norman rjochtet sels de teleskoop dy’t op harren keamer stiet op it rút fan Sophie, sadat neat him ûntkomt. Dit rint fansels út op bargebiten, want Sophie is al ferloofd en sil meikoarten trouwe mei Luitenant Burt Fenneman. Dan blykt dat Sophie har lichaamlik oanlutsen fielt ta Andy. Krekt at se elkoar de earste tút jouwe, komt Norman deryn. It draait út op fjochtsjen. Dêrnei ha se beide in seare earm en giet Sophie werom nei wêr’t se weikommen is. Mar net echt. By eintsje beslút gean se mei syn trijen fierder mei it útjaan fan “Fallout”.
42) The Sunshine Boys, as De Come-
Koarte ynhâld: In eks-
43) 45 Seconds From Broadway, as Op Wei Nei Rom, komeedzje, 6 manlju, 6 froulju.
Koarte ynhâld: Bernie en Zelda driuwe al jierren mei hert en siel in teater -
Fan Michaël Vukadinovic:
44) Misconceptions, as De Iene Leagen Is De Oare Net, komeedzje, 1 man, 3 froulju,
Koarte ynhâld: Twa susters dy't by elkoar ynwenje, Claire en Dora, binne yn alles elkoars tsjinpoal. Dat docht ek wer bliken op de jûn dat dit stik spilet. Claire is nei in begraffenis west en Dora nei in brulloft. Dora kleit dat se op it feest gjinien tsjinkommen is, mar Claire lykwols is op de begraffenis in âlde leafde, Piter, tsjin 't liif rûn. De susters binne lekker oan 't bekfjochtsjen at Piter bellet dat er Claire dyselde jûns noch sjen wol. Claire strûpt hastich wat oars oan om der goed út te sjen at Piter komt. Mar earst komt lykwols harren eksintrike mem ûnferwachts en let op 'e jûn op besite, om, sa't se seit, in goed stik fleis foar harren te brieden. De beide susters dogge oars neat as elkoar min meitsje tsjinoer mem. Dora seit bygelyks dat Claire swanger is, mar ynstee fan dit te ûntkennen, seit Claire dat it wier is, allinne om har suster ôf te troevjen. At Piter komt makket mem dêr út op dat hy de heit is. De iene leagen nei de oare, in grut tal misferstannen en in frjemde gearrin fan omstannichheden foarmje de basis foar dizze fleurige komeedzje.