It lêste nijs fan dizze kant

24-01-2012

Nijs fan Toanielselskip Gloednij!

 

Gloednij! spilet de ienakter 'Ofrekkenje' op snein 12 febrewaris 2012, middeis om 15.00 oere yn kafee Moeke de Bruin yn Aldeboarn.

Foar kaarten kinne jo tusken 17.00 en 19.00 oere belje mei Grytsje Kleefstra,

06 23394273

Der kinne sawat 50 minsken de foarstelling bywenje.

28-11-2011

De premjêre fan toanielselskip "Gloednij!" mei de ienakter "Ofrekkenje"

op 3 desimber is útferkocht. Jo kinne noch wol kaarten bestelle foar snein

18 desimber. Dan is der middeis om 15.00 oere in matinee-foarstelling, ek yn kafee De Rolbrêge op De Tynje. Kaarten binne

7 euro it stik en dan krije jo in bakje kofje of tee fan ús. Der kinne mar

30 persoanen tagelyk de foarstelling bywenje.

 

Foar kaarten en ynformaasje kinne jo belje mei Gurbe Dijkstra, 0517 269 657.

 

13-07-2011

Sûnt jannewaris dit jier mei ik bekomme fan myn wurksume libben.

Dat komt fansels goed út at je sa’n hobby ha as ik. Dus ik bin oan ‘t

oersetten slein en dat hat as resultaat opsmiten:

 

De ienakter De Afrekening fan Rob Bognár is no Frysk, Ofrekkenje

hjit it no. Besetting: 2 froulju. Wurdt útjûn troch Stuft.

 

De klucht De Flat van Jet fan Haye van der Heyden is ek Frysk, De

Flet fan Jet hjit er no, 3 manlju en 3 froulju. Noch net útjûn.

 

Geen Dag Spijt, fan Christa Warmerdam. Is ek al Frysk, Gjin Dei

Spyt, in komeedzje mei 3 manlju en 3 froulju. Wurdt útjûn troch www.toneelcentrale.nl

 

Ek fan Wannie de Wijn ha ik in stik oerset: De Goede Dood, is yn ‘t

Frysk te krijen as: De Goede Dea. Besetting: 4 manlju en 2 froulju.

Freegje by www.stichtingbredero.nl/

 

In stik dat al wat langer klear is, Een Waterdicht Idee, in klucht fan

Lieke de Groot. Fryske titel: In Wetterticht Idee, 4 manlju en 5

froulju, ek by Stuft te krijen.

 

En der sit noch mear oan te kommen.

Copyright © 2009-2012 van de Rombade  * Alle rechten voorbehouden *  Webdesign en onderhoud Jol@nda Weijers